- De Ekokatedraal
-
De Ekokatedraal
Kearn fan śs takomstige stedsmienskip
De hjoeddeiske stedse omjouwing is in yn 't foar foarme miljeu. De mins is dźr taskōger, gjin dielnimmer. Hy libbet loskeppele fan romte en tiid. Hoe kin him binnen dit beheinde ekosysteem fan de stźd in natuerlijk systeem ūntwikkelje, in komplekse omjouwing dźr't de tiid de romte yn krijt en de romte de tiid. Dy fraach stiet sintraal yn dit essay.
"Wat komplekser in systeem is wat mear frijheid ūntstean kin."Dy ūntwikkeling soe in fūnemintele feroaring betsjutte, dy't heaks stiet op de hjoeddeiske struktueren fan polityk, jild en regels. Troch it ynskeakeljen fan frije enerzjy en troch ūnderlinge gearwurking fan mins, plant en dier soene dy natuerlike struktueren neffens Le Roy ūntstean kinne. Dizze struktueren soe men ekokatedralen neame kinne. Le Roy basearret syn fisy op nije ynsichten yn de wittenskip. De gaosteory bygelyks, dy't leart dat komplekse systemen troch selsorganisaasje ūntsteane troch de faktor tiid rom paad te jaan. Wat komplekser in systeem is wat mear frijheid ūntstean kin, en wat mear frijheid bean wurdt, namste gruttere oardering mooglik is. Kompleksiteit wurdt troch him opfette as in tsjinpoal fan ferskaat. Sa't de merkkeapman syn waar śtstalt, sa is de hjoeddeiske stedsromte in optelsom fan romtlik ferskaat.Tritich jier lyn sette hy śt ein mei syn eksperimint fan de Ekokatedraal yn Mildam, in projekt mei in iepen ein yn de tiid. Utgongspunt foarme de trijefāldige fraach fan de Nobelpriiswinner Ilya Prigogine: "Wat kin de natuer dwaan, wat kinne libbene minsken dwaan en wźr is in libben organisme ta by steat"? Le Roy frege him ōf wat ien mins dwaan kin, en foege de die by it wurd. In terrein fan fjouwer hektare begūn hy op folslein eigenwillige wize te beplantsjen. Nei it sluten fan in kontrakt mei de gemeentlike
"Alle potinsjes fan alle minsken soe in megabron fan skjinne enerzjy opleverje kinne."oerheid folge it jierrenlang stoarten fan restmateriaal fan strjitmakkers. Le Roy ferwurke dit materiaal mei de hān sūnder help fan būtenōf ta alderhanne bousels, muorkes, paden en ek tuorren, dy't troch har yngenieuze konstruksje as suveringsynstallaasjes foar soere rein fungearren. Syn Ekokatedraal lit sjen wat de potinsjes binne fan minsklike enerzjy dy't ynskeakele wurdt yn de natuer. Alle potinsjes fan alle minsken soe in megabron fan skjinne enerzjy opleverje kinne. Soe in nije habitat ūntstean kinne, dźr't elk op kreative wize dielnimme kin oan de foarmjouwing fan in leefmiljeu sūnder grūnplan en sūnder begrinzing fan priveebesit. Neifolging fan syn ideeėn soe in omwinteling betsjutte foar de ynrjochting fan de stedsromte.Le Roy pleit foarearst foar in dūbelstźd, in alternatyf systeem neist it besteande. Yn dizze dūbelstźd soe de frije enerzjy fan minsken net as merkferfalskjend beskōge wurde moatte. Syn ideeėn fūnen yn de ōfrūne desennia gāns wjerklank op oare plakken yn Europa, benammen yn Dśtslān en Switserlān. Mar alle, mei gāns entūsjasme, op gong brochte eksperiminten yn de stedsromte waarden oant no ta te ier staakt. Politike systemen, sa seit Le Roy, sille kreative potinsjes yn romte en tiid noait werklik har gong gean litte. Dźrta is in radikaal kiezen nedich fan polityk, bedriuwslibben en konsumint, betize as sy binne yn de regels fan de hjoeddeiske konsumpsjemaatskippij.





