De Stichting TIJD hat as doel it befoarderjen fan ynsicht en bewustwêzen fan it begryp "tiid" as betingst foar de kreative ûntjouwing fan gearwurking tusken de natuerlike en kreative minslike prosessen yn romte en tiid. Dizze webside ynformearet jo oer hoe't de stichting soks graach realisearje wol.
- 14 maart 02008: Skinking akwarel
Louis le Roy hat in ymmins grutte akwarel fan 25 panielen, dy't elk 3
fjouwerkante meter grut binne, skonken oan it Fries Museum yn Ljouwert.
Sechstjin fan dy panielen binne no te sjen op de eksposysje ''Orde uit
Chaos'' yn datselde Fries Museum. Op de panelen is in part fan de
glêssamling fan Le Roy skildere. Hy hat der trije jier oer dien. It
wurk is mar ien kear earder tentoansteld west. Dat wie ien dei lang, op
6 april 1989, yn it iisstadion Thialf op It Hearrenfean.
Le Roy woe syn glêswurk skilderje yn al syn kompleksiteit. Net troch
wat jo sjogge ienfâldich te meitsjen, mar troch rjocht te dwaan oan de
feroaring sûnder ein fan foarm, ljocht, kleur en perspektyf.
- 20 jannewaris 02008: útstalling 'Oarder út Gaos'
Temidden fan in grut tal minsken is 19 jannewaris yn't Fries Museum yn Ljouwert de Gerrit Benner Priis 2007 útrikke oan Louis G. le Roy.
Foardat de gearkomste begûn, brochten sa'n fjirtich nijsgjirrigen in besite oan'e Eko-kathedraal yn Mildam. Dêr joech Huub Mous in taljochting op it libben en wurk fan Le Roy. De folsleine ferzy fan syn relaas stiet op de weblog fan Mous. De priis waard útrikke troch deputearre Jannewietske de Vries. Nei ôfrin dêrfan waard de eksposysje ,,Oarde út Chaos'' iepene. Op dizze tentoanstelling stiet in gigantysk skilderij dat út 25 skilderijen bestiet, dy't alleagerre fan glês binne. Boppedat fine jo dêr in searje akwarellen dy't noch net earder tentoansteld binne, en foto's fan de eko-kathedraal en de glêssamling fan Le Roy. De exposysje is noch oan't 13 april 2008 te sjen.
Ut it sjueryrapport: "Winnaar Louis G. Le Roy - gekozen uit een totaal van 17 inzendingen - wordt door de jury geroemd voor zijn grensoverschrijdende werk dat zich sinds de jaren zestig op consistente wijze heeft ontwikkeld en beschouwd mag worden als een vorm van sociaal-ecologische landschapskunst, die in de afgelopen decennia grote invloed en uitstraling heeft gehad, zowel landelijk als internationaal.
Zo heeft het beeld van Le Roy zich in de afgelopen decennia ontwikkeld van de wilde tuinman met anarchistische opvattingen, tot een socaal bewogen en gedreven kunstenaar met een scherpe vooruitziende blik als het gaat om het belang van de ecologie."
- 11 septimber 02007: Gerrit Benner Priis foar Le Roy
Keunstner/filosoof/ecotect Louis Le Roy út Oranjewâld is de winner fan 'e provinsjale Gerrit Bennerpriis foar syn hiele oeuvre, weronder de ekokatedraal in Mildam.
- juni 02007: Gedichten
Op de 17e juny hold it Literêr Sirkwy ta yn de EKO-kathedraal. Ien fan de dichters (Edwin de Groot út Aldehaske) droech 2 fersen foar wêr’t de EKO-kathedraal in rol yn spiele: Eko-katedraal en Tiid
- 17 juni 02007: it Literêr sirkwy
De Ekokathedraal in Mildam is op 17 juni underdiel fan it Literêr Sirkwy. It Literêr Sirkwy is in inisjatyf fan It Skriuwersboun om skriuwers en dichters mear gelegenheid te beiden harren sels te presintearjen. De organisaasje en presintaasje is yn hannen fan Sytse Jansma en Sito Wijngaarden.
Op disse dei is der romte foar de besiker oan ‘e Ekokathedraal foar in kuier troch de tún fan Louis Le Roy. Een oantal skriuwers trede dan op.
De Stifting Deelenrûte hat in nije brosjuere útjûn, wêr't hast 40 lokaasjes yn beskreaun steane dy't wichtich binne foar de ûntjouwing fan natuer, kultuer en sport. It doel fan de stifting is "It stimulearjen fan rekreaasje en edukaasje yn relaasje ta lânskiplike en/of kultuerhistoaryske gebieten yn'e gemeente It Hearrenfean en omkriten". Mei yngong fan dit jier is ek de Tún fan Le Roy oan'e Kennedyleane op It Hearrenfean yn'e rûte opnommen. De Ekokathedraal yn Mildaam wie al yn'e rûte opnaam.
Sneontemoarn 14 april, fan 10.00 oant ûngefear 12.00 oere, binne jo wer fan herte wolkom om mei te bouwen yn'e Tún fan Le Roy oan de Kennedyleane op't Hearrenfean! No noch ûnder begelieding fan Stichting Tijd, mar nei it opdwaan fan de nedige ûnderfining meie jo meiwurkje wannear as jo mar wolle.
Gewoan in pear kear dwaan!
- april 02007: tentoanstelling
Yn'e Iepenbiere Bibleteek op It Hearrenfean sil fan 27 maart oant en mei 14 april in fototentoanstelling fan Peter Wouda te sjen wêze mei foto's fan de Tún fan Le Roy oan'e President Kennedyleane en de Europaleane.
Mear ynformaasje fine jo ek op de website fan'e bibleteek.
- maart 02007: ferhaal fan Wobbe Atsma
It ferhaal "In nacht yn Mildaam" fan Wobbe Atsma komt út it reisferhaal "Oer alle wegen". In lytse Odyssee troch Fryslân dat noch ris publisearre wurde moat. Mar in boek is eins krekt in katedraal.
- 31 oktober 02006: jierlijks symposium Stichting TIID
It fjirde sympoasium fan de Stifting TIID wie in súkses. In nij boek ("Leven en werken in ruimte en tijd"), in koarte dokumentêre fan Johan van der Zee, in ferhaal oer de skiednis fan de Tún fan Le Roy op It Hearrenfean troch Rob Hendriks en in fertelling yn dy tún troch ferhalefertelster Gerda Noordam makken de midje ta in moai barren. Op'e weblog fan Huub Mous (www.huubmous.nl) kinne jo in ferslach lêze. Op 31 oktober 2007 binne jo fan herte wolkom op it fiifde sympoasium!
- febrewaris 02006: foto-update Kenndylaan-tún
- 18 juni 02005 : Frysk gedicht
Nei in besite oan de ekokathedraal hat skriuwster Yva Hokwerda in gedicht yn't Frysk skreaun.
>>> lês hjir it folsleine gedicht of bring in besite oan'e weblog fan Yva.weblog fan Yva.