• "De dyk nei Pake" troch Edwin de Groot
  • De dyk nei Pake

    Elk de ręch rűn as in raaptepper
    moatte Pake en de âld dyk tasjen
    hoe’t de tiid har oermânsk is
    It ferslyt meldt him mei gers en mosk
    wrikt yn’e stiennen
    in wurch moed

    Pake hat syn lęste klompen kocht

    It wenstige paad no sljochte
    in roubân
    Pake wol nei Beppe

    De âld dyk ferklonken
    syn waaltsjes no dissipels
    yn de ekokathedraal

    Ik haw Pake syn klompen