- "Eko-katedraal" troch Edwin de Groot
-
Eko-katedraal
Tempus edax rerum
Ovidius
Ik gean der in stik yn mei, Ovidius
dat de tiid in soad ferslynt en de
kening mei syn âlde yltige hannen
gjin tiid bout mar in
beahûs op in yllúzje
Sil hy witte
ea
en sjen
Dat al dy bakte klaai it
net oerlibje sil
stupas de slach ferlieze en it
beton mei rustige tosken
ferrottet tusken tongerblommen en wolvenettels
My tinkt it sil tiid reine dy’t
hoallefoaljend oer de terassen
stadichoan de hurde bealch
ferslyt it hânwurk
útgommet
Blêdstil de basilyk
wêr’t bûtergieltsjes bloeie
De tiid fret net alles op
Edwin de Groot draagt zijn gedicht voor in de Ecokathedraal in Mildam





