• Gedicht "Ecokatedraal" van Yva Hokwerda
  • Jo kinne it gedicht it bêste fan ûnder nei boppe lêze, dus begjinne by BOU OP BOU en dan sa fierder. Jo kinne dizze manear fan lêzen fergelykje mei it ûntstean fan it bouwwurk sels.

    gedicht ecokatedraal Yva Hokwerda
    hân
    Le Roy hân
    lân wrâld lân
    fisy jûn fisioen
    woekere útsiede woekere
    del plante útsiede woekere del plante
    yn tiid yn tiid yn tiid yn tiid yn tiid yn tiid
    stap stien stap stien stap stien stap stien
    tegel op tegel op tegel op tegel op tegel op
    stien foar stien foar stien foar stien foar stien
    gjin plan wol plant gjin plan wol plant
    tichelwurk sûnder semint tichelwurk sûnder semint
    bou wurkje bou wurkje bou wurkje bou wurkje bouwurk
    geef stientsje greef grêfstientsje stikken greef stientsje geef
    steapelje stalje jo steapel steapelje stalje jo steapel steapelje
    DOEL OER DOEL OER DOEL OER DOEL OER DOEL OER DOEL
    gjin plan wol plant gjin plan wol plant gjin
    út pún út ‘e holle pún út ‘e holle pún út ‘e holle
    mei de hannen beide hannen mei de hannen
    fûne foarmen fûne foarmen fûne foarmen
    fûndemint op fûndemint op fûndemint
    BOU OP BOU OP BOU OP BOU OP BOU OP BOU OP