- "In nacht yn Mildaam" troch Wobbe Atsma
-
In nacht yn Mildaam
Like flechtich as op alle oare dagen ferdwynt de dei mei it ljocht troch de finsters fan de beammen en nimt it tsjuster slûpendewei de oerhân. Ik harkje nei it leger fûgels dat noch even flink úthellet. It kresjendo docht hast sear oan ’e earen. Dan is it stil en is it nacht.
"It is it bolwurk fan in kening dy’t de tiid de wacht oansein hat en in griene katedraal fan de takomst bouwe wol"Ik bin op de langste dei fan it jier op in plak dat de skyn mei hat fan in mystearje. It is it bolwurk fan in kening dy’t de tiid de wacht oansein hat en in griene katedraal fan de takomst bouwe wol. Om distiid hinne is it in oard fan iensumens dat ûnwillekeurich oanset ta neitinken.Myn gedachten gean werom nei it momint dat ik de frou yn ’e giele jas foar it earst seach. It is amper in pear dagen lyn, dochs is har nijsgjirrige byld my goed bybleaun. Har kontoeren stieken skerp ôf tsjin de sinne, sadwaande koe ik har gesicht net goed sjen. Har silhûet hie wat fertrouds, wit ik noch. It wie krekt as koe ik har, ek al liet se neat blike.
Ut en troch sjoch ik har ferskining wer foar my. Jaget myn geast in fantoom nei of wurd ik sels neisitten? It soe hjir samar kinne.
"Ik fiel my beskerme troch de massive ienheid fan it kompleks, net liker as bin ik in part fan it gehiel."Ik snúf ris djip. Yn it nachtskaad fan de bakstiennen bousels en âlde tegelmuorren hinget in frjemde rook. De lûden binne ek oars as oars. Soks ferget in oanpassing yn ’e waarnimming. Meidat de sinnen har op ’e beheining ynstelle wurdt it tsjuster minder. Stadichoan gluorket yn de beamkrunen in helder skynsel. It is ljochtmoanne. Ljocht dat de nacht skerpe aksinten jout. De bouwurken krije har foarm swiersettich werom. Se lykje op driigjende meunsters dy’t it gefaar fan fergonklikheid keare sille. Ik fiel my beskerme troch de massive ienheid fan it kompleks, net liker as bin ik in part fan it gehiel. Hjir kin ik my feilich deljaan. Op myn gemak gean ik langút lizzen. In stik bemoaze grûn wurdt myn bêd.Troch de heldere moanne is it stjerreljocht net al te machtich. At ik as in seeman nei de grutte stâlpanne sykje, krij ik mei de poalstjer de rjochting teplak. De molkwei is spitigernôch troch it tefolle oan ljocht fan de hjoeddeiske beskaving as mist yn ’e sinne weirekke. Evensagoed fernuvert it my, dat mei sa’n protte keunstmjittige ljochtboarnen de himel noch hyltyd sa yn en yn tsjuster is.
"It magyske barren fan de sinnekrieming sil nei alle gedachten ûngemurken oer my hinne gean."Om it kearpunt yn ’e tiid ôf te wachtsjen soe ik wekker bliuwe wolle, mar it hat der wol oan at ik it meimeitsje sil. De lea bejout my. It magyske barren fan de sinnekrieming sil nei alle gedachten ûngemurken oer my hinne gean. It sit my lykwols net yn ’e wei. Mei alle prakkesaasjes oer de ûnbidige kosmos wekje myn tinzen stadich los fan it heden. De sliep kriget my yn ’e macht. Núnderjende meldijen en wûnderlike ferhalen doarmje my wat dizich troch de holle. Sa komme my ynienen flarden dichtrigels fan Ida Gerhardt yn ’t sin. ‘Orpheus liet de stiennen dûnsje. Bisten en beammen kamen yn ekstaze op him ta.’ Ik kin it my hjir yn dizze omkriten suver yntinke. Krige er mei syn muzyk de libbenen en de deaden yn de ûnderwrâld ek net yn ’e besnijing? By dy gedachte begjint it my te dûzeljen. De eagen falle my ticht. De tiid liket beliis te jaan. Op it netflues ferskine lykwols skiere bylden. Reitsje ik fertize yn in nuvere dream of giet de fantasy mei myn ferstân op ’e rin?Ergens bilet in hûn. Hastich doch ik de eagen wer iepen. It iennichste libben wat ik lykwols waarnim is in flearmûs dy’t yn it ljocht fan de moanne omgiselt. Fierders hear ik tichtby of wat fierder fuort, dat is min yn te skatten, inkeld de ûnwisse lûden fan de nacht.
Net sa fier fan my ôf skynt tusken de raaien in espeltsje bloeiende nachtlampkes. Se blinke yn de moanne as flamjende kearskes. Ik hear de motflinters der sêft snuorjend nei ta talûken.
"Op de râne fan de sliep hear ik allinnich lûd út in oare wrâld"De wifelljochtsjes dimme. Op de râne fan de sliep hear ik allinnich lûd út in oare wrâld. De stilte dy’t er op folget is tinkbyldich. Alteast yn ’t earstoan. It gerûs fan dreamen nimt it stadichoan oer. Ut it neat wei ûntstiet in eigenaardich iepenloftspul. In hiele fleet fage skimen toarket doelleas tusken de donkere bouwurken yninoar om. Ien kipet der wat út. In frou yn in giele mantel. Se makket har los fan de keppel en komt linkendewei tichter yn byld. It gesicht bliuwt in waas wylst de lippen bewege. Warskôgjend stekt se in finger omheech. Ik nim it as in fermoanning oan, likehurd bin it ek daliks wer kwyt. Alles is skyn.De bylden ferfoarmje, lûd boazet oan en wurdt pesterich dreamlawaai. De frou wurdt troch de binde skimen ynhelle. As in swaarm fjoerflinters komme se mei kabaal op my ta. Binne it feestfierende bacchanten dy’t my nei de ûnderwrâld lokje wolle? In stik leven davert my troch de holle. It sketterjen wurdt lûder en lûder. Ik swit as in baarch wylst de hjitte my op de eachlidden baarnt. Ik doch se iepen en sjoch ferbaldere lyk yn it fûle ljocht. Nacht is dei wurden, de sinne klimt nei de beamkrunen ta. Fûgels tsjotterje oer alles hinne, folle slimmer as it konsert fan in pear oeren lyn.
In nacht yn Mildaam komt út it reisferhaal "Oer alle wegen" fan Wobbe Atsma. In lytse Odyssee troch Fryslân dat noch ris publisearre wurde moat. Mar in boek is eins krekt in katedraal.





