Ekokatedraal

Kearn fan ús takomstige stedsmienskip

De hjoeddeiske stedse omjouwing is in yn 't foar foarme miljeu. De mins is dêr taskôger, gjin dielnimmer. Hy libbet loskeppele fan romte en tiid. Hoe kin him binnen dit beheinde ekosysteem fan de stêd in natuerlijk systeem ûntwikkelje, in komplekse omjouwing dêr't de tiid de romte yn krijt en de romte de tiid. Dy fraach stiet sintraal yn dit essay.

 

Dy ûntwikkeling soe in fûnemintele feroaring betsjutte, dy't heaks stiet op de hjoeddeiske struktueren fan polityk, jild en regels. Troch it ynskeakeljen fan frije enerzjy en troch ûnderlinge gearwurking fan mins, plant en dier soene dy natuerlike struktueren neffens Le Roy ûntstean kinne. Dizze struktueren soe men ekokatedralen neame kinne. Le Roy basearret syn fisy op nije ynsichten yn de wittenskip. De gaosteory bygelyks, dy't leart dat komplekse systemen troch selsorganisaasje ûntsteane troch de faktor tiid rom paad te jaan. Wat komplekser in systeem is wat mear frijheid ûntstean kin, en wat mear frijheid bean wurdt, namste gruttere oardering mooglik is. Kompleksiteit wurdt troch him opfette as in tsjinpoal fan ferskaat. Sa't de merkkeapman syn waar útstalt, sa is de hjoeddeiske stedsromte in optelsom fan romtlik ferskaat.

Tritich jier lyn sette hy út ein mei syn eksperimint fan de Ekokatedraal yn Mildam, in projekt mei in iepen ein yn de tiid. Utgongspunt foarme de trijefâldige fraach fan de Nobelpriiswinner Ilya Prigogine: "Wat kin de natuer dwaan, wat kinne libbene minsken dwaan en wêr is in libben organisme ta by steat"? Le Roy frege him ôf wat ien mins dwaan kin, en foege de die by it wurd. In terrein fan fjouwer hektare begûn hy op folslein eigenwillige wize te beplantsjen. Nei it sluten fan in kontrakt mei de gemeentlike oerheid folge it jierrenlang stoarten fan restmateriaal fan strjitmakkers. Le Roy ferwurke dit materiaal mei de hân sûnder help fan bûtenôf ta alderhanne bousels, muorkes, paden en ek tuorren, dy't troch har yngenieuze konstruksje as suveringsynstallaasjes foar soere rein fungearren. Syn Ekokatedraal lit sjen wat de potinsjes binne fan minsklike enerzjy dy't ynskeakele wurdt yn de natuer. Alle potinsjes fan alle minsken soe in megabron fan skjinne enerzjy opleverje kinne. Soe in nije habitat ûntstean kinne, dêr't elk op kreative wize dielnimme kin oan de foarmjouwing fan in leefmiljeu sûnder grûnplan en sûnder begrinzing fan priveebesit. Neifolging fan syn ideeën soe in omwinteling betsjutte foar de ynrjochting fan de stedsromte.

Le Roy pleit foarearst foar in dûbelstêd, in alternatyf systeem neist it besteande. Yn dizze dûbelstêd soe de frije enerzjy fan minsken net as merkferfalskjend beskôge wurde moatte. Syn ideeën fûnen yn de ôfrûne desennia gâns wjerklank op oare plakken yn Europa, benammen yn Dútslân en Switserlân. Mar alle, mei gâns entûsjasme, op gong brochte eksperiminten yn de stedsromte waarden oant no ta te ier staakt. Politike systemen, sa seit Le Roy, sille kreative potinsjes yn romte en tiid noait werklik har gong gean litte. Dêrta is in radikaal kiezen nedich fan polityk, bedriuwslibben en konsumint, betize as sy binne yn de regels fan de hjoeddeiske konsumpsjemaatskippij.